Zoekresultaten voor: *
Resultaat 41 - 53 (van 53)
Hilda Talsma Slangen ûnder it bêd
Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út 'e naad om har werom te finen en sa komme se yn 'e kunde mei Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat liedt ta...
Fictie
Westerlauwers Fries | 181 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Hilda Talsma Wyn fan de winners
Wyn fan de winners is it tredde en lêste diel fan de Wyntrilogy. De famylje Kamstra sil besykje om wer yn 'e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden. Johanna hat oare prioriteiten no't se mem is, en mei de Onnie's yn it fermidden witte je noait hoe't de wyn waait. De leafde tusken Roos en Joost wurdt swier op 'e proef steld en de nije bemanningsleden út Frisum soargje foar de nedige konsternaasje. It wurdt wer in wike fol ferrassingen. Mei Wyn fan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 224 pagina's (ePub2, 1,1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Antoine de Saint-Exupéry Nachtflecht
'Alles wat Saint-Exupéry fertelt docht er mei kennis fan saken. Dat er persoanlik hieltyd mar weroan yn nuodlike situaasjes in oplossing sykje moat, jout syn boek in autentike en ûnneifolgbere bekoaring. Dit ferhaal bewûnderje ik om syn literêre wearde en om't it in weardefol dokumint is. Dy beide kwaliteiten dy't op sa'n ûnferwachte wize gearfoege binne, jouwe oan Nachtflecht syn bûtengewoane betsjutting.' André Gide Vol de nuit is de ferneamdste roman fan De St. Exupéry en waard yn 1941...
Fictie
Westerlauwers Fries | 130 pagina's (ePub2, 0,6 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Waatze Gribberts brulloft
Waatze Gribberts Brulloft is in rûch ferhaal oer simpele harry's. Se sûpe, se frette en se tjirgje har en dochs bedoele se it net ferkeard. Bejubele yn 'e 18e iuw, ôfkreake yn 'e 19e iuw. Wat fine jo derfan, yn 'e 21e iuw? It Libben fan Aagtje IJsbrants is in humoristysk ferhaal oer pratende pronkjende froulju. It lit sjen hoe't Aagtje harsels foar de gek hâldt en jout in prachtich byld fan it libben op it plattelân foar de yndustriële revolúsje. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 162 pagina's (ePub2, 0,8 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Jules Verne In reis nei de moanne
In de jaren zestig van de 19e eeuw ondernemen drie mannen een gewaagde ontdekkingsreis per kogel.
Fictie
Westerlauwers Fries | 185 pagina's (ePub2, 25 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book
Meindert Bylsma En dêr marsjearje ik hinne
Yn dizze boartlike en satiryske novelle reizget Meindert Bylsma mei it jonkje dat er ea wie troch falstrikken en hinderlagen yn it libben. Boartlik en blomryk fertelt er oer it gefaar fan klisjeemieningen, sjabloonoardielen, fan monotinken en hierargysk machtsmisbrûk. Sa komt er der efter dat it in poepetoer wurde sil foar sa'n lyts mantsje, dy't op de startline stiet, mei de hurddraversskuon al oan, om in keardel te wurden. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 93 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book
Jan Schokker Kabel en tou
Fiifentweintich jier lyn hat Abe it toufabryk, syn âlden en freonen achter him litten nei't syn twillingbroer Jelle syn freondinne ferovere hat en mei har troud is. Hy is fan hûs weirûn en yn Noarwegen telâne kaam. Yn in opstiging giet er, tegearre mei syn dochter, werom nei Fryslân en as earste nei it famyljebedriuw. Hy liket sa bot op syn broer, dat se meiïnoar ferwiksele wurde. Jelle is no direkteur fan it fabryk en liket fiergeande plannen mei it bedriuw te hawwen. Dat jout in protte ûnrêst...
Fictie
Westerlauwers Fries | 91 pagina's (ePub2, 0,9 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book
Marianna van Tuinen De bûtenierdske reis fan Q en Quinta
Quinta boartet yn de tún en krijt ynienen besite fan in wûnderlik wêzen yn in soarte fan luchtbel. It hat mar ien each en sjocht har freonlik oan. 'Ik bin Q', seit it frjemde dier. 'Ik bin myn hûs kwyt. It is ergens yn de kosmos, mar ik wit net mear wêr. Helpsto my om it te sykjen?' Dat wol Quinta wol. Se stapt yn de bol en giet mei Q de romte yn. Op elke planeet dêr't se komme treffe se bûtenierdske wêzens. Dy sjogge der hiel ferskillend út. Se meitsje in soad nije freonen. It wurdt hiel...
Fictie
Westerlauwers Fries | 41 pagina's (ePub3, 8,2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book
Paulo Coelho De spion
De fan oarsprong Fryske Mata Hari (1876-1917) wie de meast begearde frou fan har tiid: in ferneamde eksoatyske dûnseresse dy’t omgong hie mei grutheden en it publyk skokte en yn ferfiering brocht mei har eroatysk laden optredens. Yn De spion brûkt Paulo Coelho syn ferbyldingskrêft om it like gloarjerike as tragyske libben fan Mata Hari op ’en nij te skeppen. Har drege jeugd, har ûngelokkige houlik dat har yn Nederlânsk-Ynje brocht, de tryste wederwarichheden fan har bern, har komeeteftige opkomst...
Fictie | Non-fictie
Westerlauwers Fries | 137 pagina's (ePub2, 1,4 MB) | De Arbeiderspers, Amsterdam | 2016
E-book
Hilda Talsma Frisum Trilogy
Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele. It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy't tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin lykwols net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny. Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen....
Fictie
Westerlauwers Fries | 590 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book
Hilda Talsma Wyn fan de wierheid
Wyn fan de wierheid is it ferfolch fan de bestseller Wyn fan feroaring. De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net fan har eks-skoanfamylje ôf te kommen, en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en...
Fictie
Westerlauwers Fries | 203 pagina's (ePub2, 1,1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book
Eric Hoekstra Midfrysk goud
it bêste út 'e 17e iuw yn goed lêsber Frysk
Mei dizze blomlêzing besykje ik ús perspektyf op Fryske literatuer yn de 17e iuw by te stjoeren. It byld sa't it no is, wurdt iensidich beskaat troch de reuzefiguer fan Gysbert Japicx. Syn wurk wurdt ferhearlike, net kritysk hifke, en it wurk fan in Van Hichtum wurdt sûnder fierdere analyze as ynferieur beskôge. Yn dizze blomlêzing behannelet Eric Hoekstra ûnder oaren ûndogenske lietsjes fan Giacomo Vredeman, it petear tusken mem en dochter oer de leafde yn Johan fan Hichtum syn Ansk en Houk,...
Fictie
Westerlauwers Fries | 129 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2015
E-book
Blomlêzing út 'e Spaanse poëzij
"Mar in hantsjefol oersettings besteane der yn it Frysk fan Spaanstalige poëzij. Dizze bondel foeget dêr gâns in tal fersen oan ta. Klaas Bruinsma lit de lêzer yn ús eigen memmetaal genietsje fan al it prachtige dat Spaanse dichters troch de ieuwen hinne skreaun hawwe, yn krêftige, linige fersrigels. De earste gedichten binne al út it iere begjin fan de sechstjinde ieu, en geande troch de tiid hinne einet de oersetter mei in noch libbene dichter út Nicaragua, dyt yn syn eigen lân sjoen wurdt...
Fictie
Westerlauwers Fries | 135 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2014
E-book